Psalmen 152-155

Psalm 152-155
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Hebriuwsk, Aldsyrysk
foarm poëzij
sjenre psalm
skreaun <2e iuw f.Kr.
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Psalm 155
publikaasje 2006, yn Geandewei
oersetter Klaas Bruinsma

De Psalmen 152-155 binne fjouwer apokrife psalmen dy't yn 'e iere Syryske bibeloersetting, de Peshitta, steane en mei dêrom troch de Syrysk-Otterdokse Tsjerke ta de kanon rekkene wurde. Twa derfan, Psalm 154 en Psalm 155, binne ek oerlevere yn it Hebriuwsk yn 'e Deade-Seerôlen. Yn 'e mande mei Psalm 151 wurde de Psalmen 152-155 ek wol de Fiif Apokrife Psalmen fan David neamd (mei't se taskreaun wurde oan 'e Israelityske kening David). Psalm 155 is oerset yn it Frysk.

It stânbyld fan 'e Israelityske kening David, makke troch Nicolas Cordier, yn 'e basilyk fan Santa Maria Maggiore, te Rome.

© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search